Yn Neitins, 1962 - Sjirk IJntema - 2019
Tiisdei 19 maart 2019. Elkenien is mei syn deistige dingen dwaande. Een dei lyk as alle oarren. De maitiid komt der oan. De earste griene bledjes binne al te sjen. it sintsje kriget stadichjes wat mear tiid en kreft. Mar dan samar ynienen foel troch it tige hommels ferstjerren van us warbere doarpsgenoat en tuke boer Sjirk IJntema der in djip skaad oer Nijskoat en feroare alles.
Sjirk komt ut in laach fan fanatyke boeren dy wisten fan it ferskil tusken berop en ropping fan it boer wezen. Ek hy wist hoe er it ha woe. De plannen foar it kommende lanwurk wiene mei it leanbedriuw trochnaam en ek de fierdere oanpassingen fan de stal en gebouwen wiene besprutsen.
Yn 2003 hat Sjirk him untwrakselje kint oan in slimme sykte, mar dizze keer moast er belies jaan.
Mar wy tinke net allinne oan syn stjerren, dochs folle meer oan syn ryk libben as man, heit en fuleindich boer. We witte fan syn blierens. Syn grutskens op syn pleats wer hy de skoalbern de leafde by brocht far de natur, it fee, it lan mei de griene greiden, de fugels en de blommen yn it fjild. Ek it skriuwen yn de doarpskrante die hij mei nocht en wille. De leste stikjes wiene omtrent klear.
Ek mei wy yn tank werom sjen nei it jierliks Nijskoatter Boskfeest en de Minniste Hagepreek wer wy by min waar altiid in de smuke skuorre terjochte koenen. Sjirk woe en koe mei dit alles syn beste kant sjen litte. Nimmen krige nee as antwurd.
Meer as fiifhundert minsken wiene by it roubeklach yn ' e Nijskoatter tsjerke. En dei letter wie de kremaasje , wer Tine , bern en famylje under stylfolle begelieding van Ella van Halderen wurden fan goede neitins, treast en bemudigens utsprutsen hawwe.
Wy sille Sjirk misse. Wy meie hoopje dat Tine, bern en famylje meielkoar it paed fan Sjirk festhalde sille en kreft en moed fine fan ' e minsken om harren hinne.
Sjirk syn goeie neitins bliuwt.
De skriuwers fan Nijskoat.